Jou mear,
jou Frysk

Kinst it al, mar joust it net. Dat is net omdatst der net om joust, krekt oarsom sels. Frysk sit dy yn it bloed. En no is dyn taal dyn kâns. It Frysk krijt de kommende jierren in hieltyd gruttere rol yn it ûnderwiis. Fan pjut oant promovendus. Dêrom binne der leararen Frysk nedich. Wat foar dy? De taal is der, no de leararen noch. Jousto de taal takomst? Jou Frysk, want ast joust om it Frysk, kinst écht Frysk jaan. Jou mear, jou Frysk!

Hasto yn de ôfrûne fiif jier oan de pabû studearre, of dochst dat noch?

Ik studearje noch

Yn ien semester dyn foech Frysk helje

Asto no op de pabû sitst, kinst in semester Frysk folgje foar it heljen fan dyn foech Frysk. Dêrmei kinst Frysk jaan yn it primêr ûnderwiis en Frysk taheakje oan dyn lessen foar de klasse.

semester

Oanfoljend foech Frysk

Untdek de oplieding
Ik bin ôfstudearre

Neist wurk nei dyn foech tawurkje

Ast yn de ôfrûne fiif jier oan de pabû ôfstudearre bist sûnder foech Frysk foar it basisûnderwiis, kinst dat noch helje. Dêrmei kinst Frysk jaan yn it primêr ûnderwiis. As ‘alumni’ kinst dy ek oanmelde foar de dieltiidoplieding Leraar Frysk, dy’t twa oant trije jier duorret. Mei dy oplieding kinst Frysk jaan yn it fuortset ûnderwiis.

dieltiid, 2 jier

Oanfoljend foech Frysk

Untdek de oplieding

Jou mear, jou Frysk, lykas...

“Skoallen fine it foech Frysk foar it primêr ûnderwiis in moai ekstra.”

Har ynteresse yn it Frysk wie net sá grut, doe’t Renske derfoar keas om har foech te heljen. Dat feroare doe’t se har flaters ûnder eagen seach by it Grut Frysk Diktee. Se tocht: dêr moat ik wat mei. Troch har foech te heljen, learde se net allinnich yn de skoalbanken it Frysk better kennen. “Wy learden oer de skiednis en kultuer en gongen mei de dosinten en studinten nei guon plakken ta. Doe’t ik mear snapte oer it ûntstean fan de taal, fûn ik it gek dat ik myn eigen taal net better prate en skriuwe koe. It is belangryk dat minsken it Frysk brûke wêr’t it kin. It ferbynt.”

Lês mear

“Hoe bysûnder is it dat de Friezen in eigen taal, skiednis en kultuer hawwe?”

Se stie al foar de klasse, joech sels al Fryske les en dochs begûn Debbie oan de dieltiidoplieding Learaar Frysk. It ôfsluten markearret in nije faze yn har karriêre. “Ik bin folle wisser fan mysels. Ik wit dat ik goed bin yn wat ik doch, en ik bin grutsk dat ik myn learlingen net allinnich de taal, mar ek de grutskens op harren komôf meijaan kin. It makket my lokkich as learlingen oan ’e ein fan it jier sizze: ‘Ik fyn it fak Frysk folle moaier as ik tocht hie.’”

Lês mear

“Frysk en ûnderwiis is foar my de ideale kombinaasje”

Septimber 2025 makke Wiebe de kar foar de oplieding ta dosint Frysk. It like him logysk om learaar yn it basisûnderwiis te wurden: “Mar doe seach ik datst ek Frysk studearje kinst. Op in iepen dei haw ik my ynljochtsje litten. Oer hoe’t de oplieding derút sjocht, watst leare kinst, hoe’t de lesdagen yninoar stekke en hokker staazjes oft mooglik binne. Hoe mear’t ik deroer te witten kaam, hoe mear at ik tocht: dit past by my.”

Lês mear

Noch net wis oftst Frysk jaan wolst? Freegje in oriïntaasjepetear oan

Ik wol prate!