Lear foar learaar, lykas…

“Hoe bysûnder is it dat de Friezen in eigen taal, skiednis en kultuer hawwe?”

Se stie al foar de klasse, joech sels al Fryske les en dochs begûn Debbie oan de dieltiidoplieding Learaar Frysk. It ôfsluten markearret in nije faze yn har karriêre. “Ik bin folle wisser fan mysels. Ik wit dat ik goed bin yn wat ik doch, en ik bin grutsk dat ik myn learlingen net allinnich de taal, mar ek de grutskens op harren komôf meijaan kin. It makket my lokkich as learlingen oan ’e ein fan it jier sizze: ‘Ik fyn it fak Frysk folle moaier as ik tocht hie.’”

Lês mear

“Ik praat fansels wol altyd Frysk, doch alles yn it Frysk, mar ik wie der absolút gjin ekspert yn.”

It Frysk wie de earste taal dy’t Janita koe en it leafst praat se it mei elkenien. Se fynt it dan ek spitich dat it imago fan it fak Frysk net altyd goed is. “Talen as Dútsk en Frânsk wurde belangriker fûn, dat is – hjir, yn Fryslân – best gek.” Janita hopet dat der feroaring yn komt én dat sy dêroan bydrage mei.

Lês mear

“Bern wolle graach leare, mar se moatte de kâns wol krije om deroer te learen”

Jesper is te nochteren om te tinken dat er de taal ‘rêde’ sil. Mar hy fynt it oanbiede kinnen fan de Fryske taal yn it ûnderwiis wol wichtich foar taalbehâld. “In protte minsken prate it, mar der binne net in soad dy’t it ek goed skriuwe kinne.” Dochs is dat net wêr’t it foar him om giet: “It giet om it oanbieden derfan en sjen wat der bart.”

Lês mear

“It Frysk is net allinnich in taal; it is in part fan myn identiteit.”

It wie net syn plan; Frysk jaan. Mar hy woe wol de taal machtich wurde. “En dus folge ik de minor Frysk, wylst ik learde om ierdrykskunde te jaan. Mar doe tocht ik: ik wol dit ek oan oaren leare.”

Lês mear

“Skoallen fine it foech Frysk foar it primêr ûnderwiis in moai ekstra.”

Har ynteresse yn it Frysk wie net sá grut, doe’t Renske derfoar keas om har foech te heljen. Dat feroare doe’t se har flaters ûnder eagen seach by it Grut Frysk Diktee. Se tocht: dêr moat ik wat mei. Troch har foech te heljen, learde se net allinnich yn de skoalbanken it Frysk better kennen. “Wy learden oer de skiednis en kultuer en gongen mei de dosinten en studinten nei guon plakken ta. Doe’t ik mear snapte oer it ûntstean fan de taal, fûn ik it gek dat ik myn eigen taal net better prate en skriuwe koe. It is belangryk dat minsken it Frysk brûke wêr’t it kin. It ferbynt.”

Lês mear

“Frysk en ûnderwiis is foar my de ideale kombinaasje”

Septimber 2025 makke Wiebe de kar foar de oplieding ta dosint Frysk. It like him logysk om learaar yn it basisûnderwiis te wurden: “Mar doe seach ik datst ek Frysk studearje kinst. Op in iepen dei haw ik my ynljochtsje litten. Oer hoe’t de oplieding derút sjocht, watst leare kinst, hoe’t de lesdagen yninoar stekke en hokker staazjes oft mooglik binne. Hoe mear’t ik deroer te witten kaam, hoe mear at ik tocht: dit past by my.”

Lês mear

Noch net wis oftst Frysk jaan wolst? Freegje in oriïntaasjepetear oan.

Ik wol prate!