Hy hjit Wiebe,

is 19 jier en wennet yn it doarpke Peins: “In lyts doarpke tusken mear lytse doarpkes yn”, laket er. De keatser praat fan hûs út Frysk en wist al jong dat er learaar wurde woe.

Yn earste ynstânsje tocht Wiebe oan de pabû. “It like my logysk om learaar yn it basisûnderwiis te wurden. Mar doe seach ik datst ek Frysk studearje kinst. Op in iepen dei haw ik my ynljochtsje litten. Oer hoe’t de oplieding derút sjocht, watst leare kinst, hoe’t de lesdagen yn elkoar stekke en hokker staazjes oft mooglik binne. Dat joech my in goed byld. Der wie net in momint dat ik tocht: dit wurdt it. Hoe mear’t ik deroer te witten kaam, hoe mear ik tocht: dit past by my.”

Ferbûn mei taal en kultuer

It Frysk is foar Wiebe fanselssprekkend. “Ik wenje 50 meter fan it keatsfjild ôf. Alles wat ik doch – keatsen, toaniel, frijwilligerswurk – giet yn it Frysk. Ik begjin elk petear yn it Frysk, útsein as ik wit dat immen in oare thústaal hat. It Frysk heart by myn identiteit.”

Dochs stie syn omjouwing wol fan syn stúdzjekar te sjen. “Se hiene net tocht dat ik rjochting Frysk gean soe. Mar se binne posityf ferrast. Se sjogge ek dat it by my past.”

In dúdlike, mar útdaagjende stúdzje

Wiebe sit noch mar fjouwer wiken op skoalle en hat no al in soad nije dingen leard. “Lytse regels, nije wurden, de skiednis fan de taal. Ik wist net dat it sa grut en ferskaat wie. Yn myn klasse sitte in protte minsken mei mear ûnderfining, dus ik kin altyd om help freegje. Dat fyn ik hiel noflik. Mar oant no ta is alles dúdlik: wat ik dwaan moat, hoe’t de wike derút sjocht. Ik haw trije lesdagen. Moandeis doch ik thús it measte wurk foar de hiele wike. Omdat it myn eigen taal is, giet it my makliker ôf.”

Grutsk op syn taal

Troch de oplieding sjocht Wiebe oars nei de taal. “Ik ûntdek hieltyd mear ferskillen tusken myn eigen wurden en it Geef-Frysk. Dat is soms dreech, mar ek nijsgjirrich. Myn sus seit no al dat ik oars Frysk praat. Dat giet sa rap. Ik wol leare om it Frysk net allinnich goed út te sprekken, mar ek korrekt te skriuwen. En fansels wol ik letter foar de klasse stean en myn leafde foar it Frysk trochjaan oan myn learlingen.”

It moaiste oan de oplieding

Foar Wiebe is de sfear yn de klasse in grutte plus. “It is hiel gesellich, wy kinne allegear goed mei-inoar. Dat motivearret. Wy hawwe itselde doel en dat ferbynt. Dêrom gean ik mei nocht nei skoalle.”

Utsjoch op de takomst

Yn 2029 hopet Wiebe klear te wêzen mei syn stúdzje. Dat komt krekt goed út, seit er: “Fan 2030 ôf binne der mear dosinten Frysk nedich. Ik wol graach oan de slach as dosint Frysk yn it fuortset ûnderwiis. It leafst yn de regio, mei in moai team. Ik tink dat de kâns grut is dat ik wurk fine sil, mar ik hâld altyd in plan B yn ’e holle. Bygelyks selsstannich oan ’e slach, miskien by de Afûk. Mar Frysk en ûnderwiis is foar my de ideale kombinaasje.”

Wolst dit ynterview oan immen lêze litte? Diel it.

Ferbreedzje dyn ekspertize, lykas....

“Hoe bysûnder is it dat de Friezen in eigen taal, skiednis en kultuer hawwe?”

Se stie al foar de klasse, joech sels al Fryske les en dochs begûn Debbie oan de dieltiidoplieding Learaar Frysk. It ôfsluten markearret in nije faze yn har karriêre. “Ik bin folle wisser fan mysels. Ik wit dat ik goed bin yn wat ik doch, en ik bin grutsk dat ik myn learlingen net allinnich de taal, mar ek de grutskens op harren komôf meijaan kin. It makket my lokkich as learlingen oan ’e ein fan it jier sizze: ‘Ik fyn it fak Frysk folle moaier as ik tocht hie.’”

Lês mear

“Skoallen fine it foech Frysk foar it primêr ûnderwiis in moai ekstra.”

Har ynteresse yn it Frysk wie net sá grut, doe’t Renske derfoar keas om har foech te heljen. Dat feroare doe’t se har flaters ûnder eagen seach by it Grut Frysk Diktee. Se tocht: dêr moat ik wat mei. Troch har foech te heljen, learde se net allinnich yn de skoalbanken it Frysk better kennen. “Wy learden oer de skiednis en kultuer en gongen mei de dosinten en studinten nei guon plakken ta. Doe’t ik mear snapte oer it ûntstean fan de taal, fûn ik it gek dat ik myn eigen taal net better prate en skriuwe koe. It is belangryk dat minsken it Frysk brûke wêr’t it kin. It ferbynt.”

Lês mear

“Frysk en ûnderwiis is foar my de ideale kombinaasje”

Septimber 2025 makke Wiebe de kar foar de oplieding ta dosint Frysk. It like him logysk om learaar yn it basisûnderwiis te wurden: “Mar doe seach ik datst ek Frysk studearje kinst. Op in iepen dei haw ik my ynljochtsje litten. Oer hoe’t de oplieding derút sjocht, watst leare kinst, hoe’t de lesdagen yninoar stekke en hokker staazjes oft mooglik binne. Hoe mear’t ik deroer te witten kaam, hoe mear at ik tocht: dit past by my.”

Lês mear

Noch net wis oftst Frysk jaan wolst? Freegje in oriïntaasjepetear oan

Ik wol prate!