Sy hjit Renske

Har stúdzjekar wie gjin ferrassing. Mei in heit, mem, sus, omkes, muoikes én pake yn it ûnderwiis wist de 24-jierrige Renske op de legere skoalle al dat se it ûnderwiis yn woe.

Se folge de mbû-oplieding ta ûnderwiisassistint, mar socht mear útdaging. En wylst se twivele oft de pabû har dat biede koe, begûn se dochs. Fjouwer jier letter hat se in papierke en har foech en is se dêr wol oer út: “It hat de goeie kar west.”

Fryske les

Yn it earste jier krige Renske Fryske les oanbean. “Dat fak moat elkenien helje.” Thús wurdt der Frysk en Biltsk praat. “En dan tinke je dat je it wol kinne en dat it je maklik ôf giet”, sjocht Renske werom. Mar … dát wie net hielendal wier.

Flaters

“Wylst de lessen benammen oer didaktyk gongen, wie it de eigen feardigens dy’t by my tekoart skeat. Ik waard frege foar it Grut Frysk Diktee en dat wie hiel dreech. Ik skrok doe’t ik myn eigen Frysk en flaters ûnder eagen seach, dus dêr moast ik wat mei.” Renske har ynteresse yn de taal groeide.

Ferdjipping fan it Frysk én Fryslân

Nei’t Renske in protte oer it Frysk opsocht, keas se foar de minor Frysk. “Dêr hie ik ferskillende fakken. Taalkunde, taalfeardichheid, literatuerskiednis en kreatyf skriuwen. It wie in ferdjipping fan wat ik op de pabû al hân hie.”

Se learde net allinnich yn de skoalbanken it Frysk better kennen, mar ûnderweis troch de provinsje kaam se ek mear oer Fryslân, it ûntstean dêrfan en de kultuer te witten. “We learden oer de skiednis en kultuer en gongen mei de dosinten en studinten nei guon plakken ta yn bygelyks East-Fryslân.”

Wat Renske it meast bybleaun is? “Hoe’t de taal ferbynt. Hiel bysûnder. En dat fiel ik echt sa. Friezen komme je oeral tsjin en dan krij ik fuort in gefoel fan ik bin thús – mei dy kin ik prate.”

In groeiende ynteresse

“Foar de pabû hie ik net echt ynteresse yn it Frysk. Ik wie my net bewust fan wat wy der eins mei dogge”, fertelt Renske. “Dat is no wol oars. It Frysk is in rykstaal, mar ek in minderheidstaal. Hiel unyk yn syn soart. Dat seach ik earder net. Mar doe’t ik mear snapte oer it ûntstean, fûn ik it gek dat ik myn eigen taal net better prate en skriuwe kin. It is belangryk dat minsken it Frysk brûke wer’t it kin. It ferbynt.”

De reaksje thús op har kar foar de minor wie net hiel ferrassend: “Se fine it net superbysûnder. It is wat ik moai fyn en dêr stypje se my yn.”

Renske behelle har foech én studearre ôf. Hoe no fierder wit se noch net krekt. “Ik sil earst nei Australië en ha gjin retoerticket boekt.” Likegoed is se der wis fan is dat se weromkomt. “Hjir bin ik thús en hjir wol ik wurkje. Yn Fryslân en mei it Frysk.”

Nijsgjirrich wêze nei it Frysk

De pabû hat Renske in soad brocht: “En ek de minor Frysk soe ik oanriede. Mar wol allinnich ast ynteresse hast yn it Frysk, of ast nijsgjirrich bist nei de taal, want it komt dy net oanwaaien. It is in heal jier fol ferdjipping – en dêrnei witst ek wêrom’t en wannear’t de û in kapke krijt.”

Renske is wis dat se in baan fine soe as se no sollisitearje soe. “Studinten dy’t earder harren foech helle ha, wurkje no bygelyks by de Afûk, as dosint Frysk op it fuortset ûnderwiis of stean ‘gewoan’ foar de klasse. Skoallen fine it foech Frysk foar it basisûnderwiis wol in moaie ekstra.

Wolst dit ynterview oan immen lêze litte? Diel it.

Ferbreedzje dyn ekspertize, lykas....

“Hoe bysûnder is it dat de Friezen in eigen taal, skiednis en kultuer hawwe?”

Se stie al foar de klasse, joech sels al Fryske les en dochs begûn Debbie oan de dieltiidoplieding Learaar Frysk. It ôfsluten markearret in nije faze yn har karriêre. “Ik bin folle wisser fan mysels. Ik wit dat ik goed bin yn wat ik doch, en ik bin grutsk dat ik myn learlingen net allinnich de taal, mar ek de grutskens op harren komôf meijaan kin. It makket my lokkich as learlingen oan ’e ein fan it jier sizze: ‘Ik fyn it fak Frysk folle moaier as ik tocht hie.’”

Lês mear

“Frysk en ûnderwiis is foar my de ideale kombinaasje”

Septimber 2025 makke Wiebe de kar foar de oplieding ta dosint Frysk. It like him logysk om learaar yn it basisûnderwiis te wurden: “Mar doe seach ik datst ek Frysk studearje kinst. Op in iepen dei haw ik my ynljochtsje litten. Oer hoe’t de oplieding derút sjocht, watst leare kinst, hoe’t de lesdagen yninoar stekke en hokker staazjes oft mooglik binne. Hoe mear’t ik deroer te witten kaam, hoe mear at ik tocht: dit past by my.”

Lês mear

“Skoallen fine it foech Frysk foar it primêr ûnderwiis in moai ekstra.”

Har ynteresse yn it Frysk wie net sá grut, doe’t Renske derfoar keas om har foech te heljen. Dat feroare doe’t se har flaters ûnder eagen seach by it Grut Frysk Diktee. Se tocht: dêr moat ik wat mei. Troch har foech te heljen, learde se net allinnich yn de skoalbanken it Frysk better kennen. “Wy learden oer de skiednis en kultuer en gongen mei de dosinten en studinten nei guon plakken ta. Doe’t ik mear snapte oer it ûntstean fan de taal, fûn ik it gek dat ik myn eigen taal net better prate en skriuwe koe. It is belangryk dat minsken it Frysk brûke wêr’t it kin. It ferbynt.”

Lês mear

Noch net wis oftst Frysk jaan wolst? Freegje in oriïntaasjepetear oan

Ik wol prate!