Hy hjit Jorrit
en siet al yn it tredde jier fan de oplieding dosint ierdrykskunde doe’t er oan syn minor Frysk begûn en tocht: dêr wol ik wat mei.
en siet al yn it tredde jier fan de oplieding dosint ierdrykskunde doe’t er oan syn minor Frysk begûn en tocht: dêr wol ik wat mei.
“It wie in stikje yntrinsike motivaasje”, leit Jorrit út. “It is bysûnder dat wy in eigen taal ha, dy’t we op skrift net altyd machtich binne. Dat woe ik leare, en dus folge ik de minor. Mar doe tocht ik: ik wol dit ek oan oaren leare.”
Hy besleat him dêrom ek yn te skriuwen foar de oplieding ta dosint Frysk. Syn dosinten skriuwden in persoanlik plan: “Se tinke hiel goed mei en ha fuort sjoen hokker fakken ik wannear folgje koe en hokker fakken miskien net nochris hoegden, om’t ik se yn de oplieding ta dosint ierdrykskunde al hân hie. Wat dat oanbelanget is der in soad mooglik, dat wist ik fan tefoaren hielendal net”, fertelt Jorrit.
It ôfrûne jier hie er yn ferhâlding in hiel protte Frysk, om sa te soargjen dat er syn beide foegen tagelyk ophelje kin: “Ierdrykskunde folgje ik foltiid, Frysk dieltiid. Dat is goed te kombinearjen.” Dat de fakken ek yn staazje as wurk kombinearre wurde kinne, hat Jorrit al ûnderfûn. “Ik rûn ferline jier staazje op de Dockinga VAKschool yn Dokkum, as dosint ierdrykskunde én dosint Frysk. Dy kombinaasje wie krekt wat ik derfan hope hie en jout in soad fariaasje.” Op it stuit is Jorrit noch net offisjeel ôfstudearre, mar jout er noch hieltyd les op de skoalle: “Oan tmbû, basis, kader en TL learlingen. Yn beide fakken.” Syn staazje befoel fan beide kanten sa goed, dat se him foar 3,5 dei yn ‘e wike in baan oanbean ha. “Ik haw in jierkontrakt en ik bin fan doel yn de tuskentiid beide opliedingen dien te meitsjen.”
Jorrit is sljocht op beide fakken, mar fynt ien ding it aldermoaist: “As ik de fakken letterlik kombinearje kin.” Want dat dat kin, hat er al besocht: “Ik ha bygelyks in fytstocht foar de bern útset troch harren eigen omkriten. Dêryn hie ik de skiednis en kânsen foar it lânskip kombinearre mei taal. De bern fûnen dat fansels hiel moai. De fytstocht, it der op út wêzen, mar ek it stikje bewust wêzen fan hoe bysûnder it is. Nettsjinsteande dat se it hjir faak saai fine – sa flak en iepen, wurdt it aardiger as je bewuste wurde fan hoe bysûnder de eigen omkriten eins binne.”
Sels komt er ek út dy hoeke: “Ik bin hikke en tein yn Brantgum, en wenje sûnt koarten yn Burdaard. Yn dizze hoeke fan Fryslân is it Frysk hiel fanselssprekkend. Sa haw ik it Frysk fan hús út, as memmetaal, meikrigen. Ek by it fuotbaljen, op skoalle en yn it doarp waard der in soad Frysk praat. Op de middelbere skoalle feroare dat en op it hbû wie de fiertaal écht Nederlânsk.”
“It Frysk betsjut in soad foar my. It is net allinnich in taal; it is in part fan myn identiteit. Mar de taal feroaret. Ik fyn it moai om it Frysk te behâlden én mei te jaan. Sadat bern it goed leare en bewust binne fan harren bysûndere taalposysje.” Dat proses fan bewustwurding hat Jorrit sels troch de minor en oplieding ek trochrûn: “We meie grutsk wêze op ús meartalige regio.”