Hy hjit Jesper

en foldocht net oan de stereotypearringen dy’t oer Fryslân of har ynwenners besteane, mar hy fielt him wol op en top Fries.

Hikke en tein yn De Rottefalle is Frysk syn memmetaal.  “Wy ha hjir gjin Alvestêdetocht, gjin keatsen, fierljeppen of skûtsjesilen, mar ik fiel my wól ferbûn mei Fryslân en it Frysk.” Dochs hie de 21-jierrige Jesper Pool net ferwachte ea les te jaan yn dy taal.

Foar learaar leare

Dat er learaar wurde woe, stie al wol fêst. Skiednis fûn Jesper altyd al nijsgjirrich; “Mar dat werheljende praatsje oer al dy tiidrekken? Dat leaude ik wol”, leit er út. “Ik tocht: nei de pabo kin ik ek les jaan. Mar dan breder; ferskillende fakken. Dat luts my wol.”

Goed Frysk ûnderwiis

Yntusken is Jesper fjirdejiers én hat er krekt de minor Frysk ôfsletten. We moatte earlik wêze: de minor Frysk wie net syn earste kar. En ek net syn twadde. Mar doe’t bliken die dat dy beide minors al gau fol wiene en de minor Frysk noch iepen stie, wie er der wol daliks út. “Ik fyn it belangryk dat der ek op basisskoallen goed Frysk ûnderwiis is.” Dat er de minor boppe ferwachting moai fûn, wie in boppeslach: “Ast mei de minor begjinst, wurdst yn groepen pleatst mei minsken dy’t leare foar Learaar Frysk. Soms sitst by earstejiers, soms by twaddejiers. Dat is moai, want kinst mei inoar oplûke, it is hiel tagonklik en der is romte om fragen te stellen.”

Mear ferdjipping

Derby joech de minor mear ferdjipping: “Op de pabo krije wy ek it fak Frysk, want elkenien moat nei it ôfstudearjen it fak jaan kinne, mar dêrtroch wurdt der krekt mear ynset op de minsken dy’t noch hielendal gjin Frysk prate. De ferdjipping dy’tst dan as Fryskpratende wolris mist, fynst yn de minor wol.” Jespers byld fan it Frysk is nei it folgjen fan de minor foar in part befêstige, “Mar de taal is grutter as ik tocht. En dat set dy oan it tinken. Yn de minor kaam ek de Fryske skiednis en literatuer nei foaren. Hiel nijsgjirrich.” Yntusken hat Jesper syn foech Frysk helle. “Mar ein dit jier wurdt der Fryske didaktyk oanbean; ik krige niiskrekt in mailtsje, en ha my daliks opjûn. Net dat ik altyd sa entûsjast bin oer sokke dingen, meastentiids net, mar ik soargje dat ik er dy twa dagen by bin.”

Bern binne graach learend

Jesper is te nochteren om te tinken dat er de taal ‘rêde’ sil. Mar hy fynt it oanbiede kinnen fan de Fryske taal yn it ûnderwiis wol wichtich foar taalbehâld. “In protte minsken prate it, mar der binne net in soad dy’t it ek goed skriuwe kinne. De taal stiet ûnder druk, en ik woe der graach mear oer leare. As ik it dan aansen ek noch better oan bern meijaan kin, dan is dat moai meinommen.” Oft syn baankânsen troch it heljen fan it foech Frysk fergrutsje, wit er net: “Ik ha net it idee dat se der op skoallen al hiel bot nei sjogge; nei it Frysk en de kearndoelen bedoel ik dan. Op guon skoallen binne mar in pear of hielendal gjin Fryske bern en soms is it lestich om it fak foarm te jaan.” Hoe’t er it dan foar him sjocht? “Foar my giet it der net om dat bern de taal goed leare te praten of te skriuwen. It giet om it oanbieden derfan en sjen wat der bart. Bern wolle graach leare, mar se moatte de kâns wol krije om deroer te learen.”

In protte leare

Yn maart 2027 hopet Jesper mei syn diploma yn hannen te stean. “Dêrnei wol ik eins daliks oan it wurk op in skoalle. Ik ha gjin foarkar foar in klasse; fan groep 3 ôf fyn ik alles moai.” Wat hy syn learlingen mei hopet te jaan? “Ik fyn it belangryk dat se in moaie tiid hawwe. Fan myn eigen perioade op de basisskoalle wit ik net in soad mear. Bist jong, dyn harsens binne noch yn ûntwikkeling. It giet net allinnich om prestaasjes; it giet derom dat it goed is mei-inoar. Datst in protte leare kinst oer ferskate ûnderwerpen.”

Wolst dit ynterview oan immen lêze litte? Diel it.

Ferbreedzje dyn ekspertize, lykas....

“Bern wolle graach leare, mar se moatte de kâns wol krije om deroer te learen”

Lês mear

“Hoe bysûnder is it dat de Friezen in eigen taal, skiednis en kultuer hawwe?”

Se stie al foar de klasse, joech sels al Fryske les en dochs begûn Debbie oan de dieltiidoplieding Learaar Frysk. It ôfsluten markearret in nije faze yn har karriêre. “Ik bin folle wisser fan mysels. Ik wit dat ik goed bin yn wat ik doch, en ik bin grutsk dat ik myn learlingen net allinnich de taal, mar ek de grutskens op harren komôf meijaan kin. It makket my lokkich as learlingen oan ’e ein fan it jier sizze: ‘Ik fyn it fak Frysk folle moaier as ik tocht hie.’”

Lês mear

“Frysk en ûnderwiis is foar my de ideale kombinaasje”

Septimber 2025 makke Wiebe de kar foar de oplieding ta dosint Frysk. It like him logysk om learaar yn it basisûnderwiis te wurden: “Mar doe seach ik datst ek Frysk studearje kinst. Op in iepen dei haw ik my ynljochtsje litten. Oer hoe’t de oplieding derút sjocht, watst leare kinst, hoe’t de lesdagen yninoar stekke en hokker staazjes oft mooglik binne. Hoe mear’t ik deroer te witten kaam, hoe mear at ik tocht: dit past by my.”

Lês mear

“Skoallen fine it foech Frysk foar it primêr ûnderwiis in moai ekstra.”

Har ynteresse yn it Frysk wie net sá grut, doe’t Renske derfoar keas om har foech te heljen. Dat feroare doe’t se har flaters ûnder eagen seach by it Grut Frysk Diktee. Se tocht: dêr moat ik wat mei. Troch har foech te heljen, learde se net allinnich yn de skoalbanken it Frysk better kennen. “Wy learden oer de skiednis en kultuer en gongen mei de dosinten en studinten nei guon plakken ta. Doe’t ik mear snapte oer it ûntstean fan de taal, fûn ik it gek dat ik myn eigen taal net better prate en skriuwe koe. It is belangryk dat minsken it Frysk brûke wêr’t it kin. It ferbynt.”

Lês mear

“Ik praat fansels wol altyd Frysk, doch alles yn it Frysk, mar ik wie der absolút gjin ekspert yn.”

“Dêr wurkje ik no wol nei ta.”

Lês mear

“It Frysk is net allinnich in taal; it is in part fan myn identiteit.”

Mar de taal feroaret; ik fyn it moai om it Frysk te behâlden én mei te jaan.”

Lês mear

Noch net wis oftst Frysk jaan wolst? Freegje in oriïntaasjepetear oan.

Ik wol prate!