Se hjit Janita

en skreau as lyts famke yn alle freoneboekjes dat se juf wurde woe.

Nei trije jier oan de hafû ferfolge se har paad op it mbû om dy dream wier te meitsjen. Yn oplieding ta ûnderwiisassistinte ûntduts se twa dingen: foar de klasse op in middelbere skoalle fielde se har echt thús en it Frysk ynteressearre har in soad.

Dat se graach op de middelbere skoalle les jaan woe, betsjutte dat se nei it mbû trochleare moast. Se begûn mei de oplieding ta dosint Maatskippijlear, “Mar dat wie it net”, konkludearret Janita. Se tocht wêrom oan it kardiel Frysk en besleat har yn te skriuwen foar de oplieding Dosint Frysk én dosint Nederlânsk. “Twa foltiidopliedings, dy’t yn kombinaasje oanbean wurde.”

Ien dei yn ’e wike mear les

Hoe dat krekt sit? Janita leit út: “Om’t de opliedingen op inoar lykje, hoech ik in soad (dosint)fakken mar ien kear te folgjen. Didaktyk en pedagogyk bygelyks. Ik haw ien dei yn ’e wike mear les as studinten dy’t ien fan de twa opliedingen folgje.” Dy ôfwikseling befalt har goed: “Ik bin no twaddejiers en haw eins krekt as op de middelbere skoalle de iene dei it iene fak en de oare dei it oare.” Hoe’t se wit dat dit ít is? “Ik fyn it no echt moai om mei skoallen dwaande te wêzen. Ik fyn it nijsgjirrich en ik lear in soad. Ik praat fansels wol altyd Frysk, doch alles yn it Frysk, mar ik wie der absolút gjin ekspert yn. Dêr wurkje ik no wol nei ta.”

Geef-Frysk

Janita waard grutbrocht yn Tsjerkgaast: “In lyts doarpke tusken Sleat en Sint Nyk. Ik bin de jongste fan fjouwer bern en ha twa broers en in suster. It Frysk wie de earste taal dy’t ik koe en ik praat it it leafst mei elkenien. Mar hjir yn de Súdwesthoeke prate wy wol wat nuver Frysk. In saneamd ‘mengelmoesje’ (griemmank). Dêr wie ik my wol hiel bewust fan, en ik wie hieltyd mear dwaande mei it korrekt praten.” Tagelyk fynt se dat ek wat it Frysk sa nijsgjirrich makket: “It moaiste oan de taal fyn ik dat der sa folle fariaasje is. Soms ha je trije wurden foar itselde”, laket se. “Boppedat fyn ik it moai dat de taal Friezen ûnderskiedt fan de rest fan it lân en fernimst hjir echt dat de taal ferbynt.”

Imago fak Frysk moat better

Se fynt it dan ek spitich dat it imago fan it fak Frysk net altyd goed is. “Talen as Dútsk en Frânsk wurde belangriker fûn, dat is – hjir, yn Fryslân – best gek.” Janita hopet dat der feroaring yn komt én dat sy dêroan bydrage mei. “Ik hoopje it fak sa aardich te jaan dat learlingen it ek écht moai fine om nei Fryske les ta te gean.” Oft dat op de middelbere skoalle of in mbû-skoalle is, makket har net in soad út. “Ik soe it mbû wol besykje wolle, om’t myn ynspiraasje dêr ek weikaam.” “Yn de ideale wrâld jou ik aansen Frysk én Nederlânsk op in skoalle dêr’t it Frysk stimulearre wurdt.” Dat dat noch net oeral sa is, murk se yn har staazjes. “It belied ferskilt de skoalle en dat hat in protte ynfloed. Ik wit net wat dêr krekt goed of it alderbeste yn is, mar ik soe it super aardich fine om op in Frysk ynstelde skoalle te wurkjen, dêr’t fansels ek rekken holden wurdt mei oarstalige bern.”

Der op út

Har ferwachtings fan de oplieding komme foar it grutst par oerien mei wat it is: “Fokus op skriuwe, learaarskip en sokke dingen. En ik wist dat wy lêze moasten, mar hoefolle wist ik net krekt, of de kultuer dy’t somtiden wichtiger is datst ferwachte hiest.” Ekstra aardich is dat net alle lessen yn de skoalbanken barre: “Wy hawwe yn ôfrûne jier mei de oplieding nei Baskelân ta west. Dêr prate se Baskysk, en dat is lykas it Frysk in minderheidstaal. Wy hawwe nei ferskate skoallen west en ha sjoen  hoe’t se dêr op skoallen les jouwe. Fierder ha we gewoan in noflike wike hân mei aardige útstapkes. Hiel bysûnder!” De trip wie ekstra, en koste jild. “Mar dêrneist ha wy ek gauris in fergees útstapke. Nei Tresoar foar in lêzing of nei Harns bygelyks. De oplieding is dêr hiel ûndernimmend yn!”

Kennis fan it Frysk

Janita soe de oplieding oanride: “Ast al wol wat kennis hast fan it Frysk. Ast gjin Frysk praatst, dan soe ik mei in oare basis begjinne. Ik fyn dat se in soad ferwachtsje fan startersnivo mar ast dyn hiele libben al Frysk praatst, dan soe ik it lekker dwaan. De oplieding is lyts, gesellich, persoanlik, mei aardige dosinten.” Boppedat fynt se de kombinaasje ek in oanrieder: “Ik fyn it goed te dwaan. It is in moaie ôfwikseling. Al moatte wy soms wol in hiel soad lêze”, laket se.

Wolst dit ynterview oan immen lêze litte? Diel it.

Ferbreedzje dyn ekspertize, lykas....

“Hoe bysûnder is it dat de Friezen in eigen taal, skiednis en kultuer hawwe?”

Se stie al foar de klasse, joech sels al Fryske les en dochs begûn Debbie oan de dieltiidoplieding Learaar Frysk. It ôfsluten markearret in nije faze yn har karriêre. “Ik bin folle wisser fan mysels. Ik wit dat ik goed bin yn wat ik doch, en ik bin grutsk dat ik myn learlingen net allinnich de taal, mar ek de grutskens op harren komôf meijaan kin. It makket my lokkich as learlingen oan ’e ein fan it jier sizze: ‘Ik fyn it fak Frysk folle moaier as ik tocht hie.’”

Lês mear

“Skoallen fine it foech Frysk foar it primêr ûnderwiis in moai ekstra.”

Har ynteresse yn it Frysk wie net sá grut, doe’t Renske derfoar keas om har foech te heljen. Dat feroare doe’t se har flaters ûnder eagen seach by it Grut Frysk Diktee. Se tocht: dêr moat ik wat mei. Troch har foech te heljen, learde se net allinnich yn de skoalbanken it Frysk better kennen. “Wy learden oer de skiednis en kultuer en gongen mei de dosinten en studinten nei guon plakken ta. Doe’t ik mear snapte oer it ûntstean fan de taal, fûn ik it gek dat ik myn eigen taal net better prate en skriuwe koe. It is belangryk dat minsken it Frysk brûke wêr’t it kin. It ferbynt.”

Lês mear

“Frysk en ûnderwiis is foar my de ideale kombinaasje”

Septimber 2025 makke Wiebe de kar foar de oplieding ta dosint Frysk. It like him logysk om learaar yn it basisûnderwiis te wurden: “Mar doe seach ik datst ek Frysk studearje kinst. Op in iepen dei haw ik my ynljochtsje litten. Oer hoe’t de oplieding derút sjocht, watst leare kinst, hoe’t de lesdagen yninoar stekke en hokker staazjes oft mooglik binne. Hoe mear’t ik deroer te witten kaam, hoe mear at ik tocht: dit past by my.”

Lês mear

“Ik praat fansels wol altyd Frysk, doch alles yn it Frysk, mar ik wie der absolút gjin ekspert yn.”

“Dêr wurkje ik no wol nei ta.”

Lês mear

“It Frysk is net allinnich in taal; it is in part fan myn identiteit.”

Mar de taal feroaret; ik fyn it moai om it Frysk te behâlden én mei te jaan.”

Lês mear

“Bern wolle graach leare, mar se moatte de kâns wol krije om deroer te learen”

Lês mear

Noch net wis oftst Frysk jaan wolst? Freegje in oriïntaasjepetear oan.

Ik wol prate!