Sy hjit Debbie
Se groeide op yn in lyts doarpke yn it noarden fan Fryslân. In doarpke dêr’t elkenien Frysk prate, behalve sy.
Se groeide op yn in lyts doarpke yn it noarden fan Fryslân. In doarpke dêr’t elkenien Frysk prate, behalve sy.
Doe’t se op de pabû har foech Frysk helle hie, tocht se: dan kin ik no ek Frysk prate. “En dus besleat ik: ik wol dy taal écht prate én ik wol it Frysk trochjaan.” Nei noch in oplieding gong se oan it wurk. Op it Piter Jelles Ynsicht jout se sûnt 2021 Fryske les. “Mar as ik lesmateriaal makke hie, liet ik it altyd noch neilêze. Ik wie noch net sa wis oer myn eigen kinnen en hie altyd it gefoel dat ‘echte Friezen’ gjin flaters makken.”
It foel har liedingjaanden op dat Debbie har ferbûn fielt mei it Frysk en se waard frege foar de oplieding Learaar Frysk. “Ik tocht: ik gean derfoar.” Dat wie bytiden bêst dreech, want neist de dieltiidstúdzje wurke se fulltime. “Foarôf makke ik my soargen oer myn basiskennis. Guon sprekwurden of âlde tiidwurdsfoarmen koe ik net, omdat ik it Frysk net fan hûs út meikrigen hie. En it Frysk is foar my folle minder fanselssprekkend as it Nederlânsk. Ik wol dingen graach snappe, mar bytiden binne dingen yn de Fryske taal gewoan sa, omdat se sa binne. Ik koe gelokkich altyd by dosinten en klassegenoaten terjochte mei myn fragen, en stap foar stap groeide myn selsbetrouwen.”
Finansjeel krige se ek stipe: “Troch in subsydzje fan ’e provinsje hoegden myn wurkjouwer en ik de oplieding net sels te beteljen. Boppedat joech de skoalle my frijheid om bygelyks toetsen ûnder wurktiid te dwaan. Dy stipe is echt krúsjaal west. Mar likegoed hat de taaltoets dêr’t je de oplieding mei ôfslute wol foar sliepeleaze nachten soarge.”
Eltse earste les fan in nij stúdzjejier freget Debbie har learlingen wat se tinke dat se by it fak Frysk leare sille. “En altyd hear ik itselde antwurd: ‘Wy moatte it Frysk leare te skriuwen, lêzen en praten.’ Krekt sa’t se bygelyks by Ingelsk dogge. Nee, sis ik dan. Ik wol ek de doar út.”
Debbie wol sjen litte dat it Frysk mear is as de taal: “It is ek de kultuer, de skiednis – yn de midsiuwen wie Fryslân folle grutter en hie it in promininte rol yn Europa. Frysk is oeral om ús hinne. Dêrom geane wy ek te keatsen en te fierljeppen en bakke wy sûkerbôle. Boppedat nim ik de bern mei yn de Fryske skiednis troch bluodderige en spektakulêre ferhalen oer Redbad en Grutte Pier. Want hoe bysûnder is it dat sa’n lyts folkje in eigen taal, skiednis en kultuer hat?”
Wat Debbie docht, wurket: “Fan 2030 ôf moat der foar elk dy’t Frysk leare wol in oanbod wêze. Fan pjut oant grut, en as skoalle seine wy: ‘Wy begjinne direkt.’ We binne de earste skoalle dy’t it Frysk eineksamen foar basis en kader oanbiedt en fan de 105 twaddejiers hawwe 62 Frysk as eksamenfak keazen. Op oare skoallen binne dat faak mar in pear. Dat is wol echt in kroan op myn wurk.”
Foar Debbie betsjut it ôfrûnjen fan de oplieding ta Dosint Frysk in nije faze yn har karriêre. “Eartiids liet ik alles kontrolearje, benaud om flaters te meitsjen. No bin ik folle mear wis fan mysels. Ik wit dat ik goed bin yn wat ik doch, en ik bin grutsk dat ik myn learlingen net allinnich de taal, mar ek de grutskens op harren komôf meijaan kin. It makket my lokkich as learlingen oan ’e ein fan it jier sizze: ‘Ik fyn it fak Frysk folle moaier as ik tocht hie’, en ek as se it oandoare om de taal te praten.”
En har Amsterdamske heit en mem? “Dy binne supergrutsk dat se in dosint Frysk yn harren famylje ha!”