Dyn taal,
dyn fak
Kinst it al, mar joust it net. Dat is net omdatst der net om joust, krekt oarsom sels. Frysk sit dy yn it bloed. En no is dyn taal dyn kâns. It Frysk krijt de kommende jierren in hieltyd gruttere rol yn it ûnderwiis. Fan pjut oant promovendus. Dêrom binne der leararen Frysk nedich. Wat foar dy? De taal is der, no de leararen noch. Jousto de taal takomst? Jou Frysk, want ast joust om it Frysk, kinst écht Frysk jaan.