Jou Frysk omdatst
joust om it Frysk!

Kinst it al, mar joust it net. Dat is net omdatst der net om joust, krekt oarsom sels. Frysk sit dy yn ’t bloed. En no is dyn taal dyn kâns. It Frysk krijt de kommende jierren in hieltyd gruttere rol yn it ûnderwiis. Fan pjut oant promovendus. Dêr binne learkrêften Frysk foar nedich. Wat foar dy?

Untdek dyn paad!

Nijsgjirrich oft it
ek wat foar dy is?

Dosint wurde?

Wolst jongerein entûsjast meitsje foar it Frysk? Harren ûntdekke litte dat it Frysk mear is as allinnich in taal en harren meinimme yn de kultuer, literatuer en skiednis dêrfan? Wolst aktyf meiwurkje oan it behâld én de fierdere útbou fan de Fryske taal? Jou Frysk!

Oftst no foar dyn stúdzjekar stiest, krekt foar dyn earste klasse stiest of al jierren kennis oerdraachst: jou Frysk ast joust om it Frysk. Kombinearje watst kenst mei watst kinst. Want de taal libbet as ien him jout.

Wolst útfine wat der mooglik is? Prate mei ien fan ús dosinten Frysk jout dy de antwurden!

Basisûnderwiis Fuortset ûnderwiis

Lear foar learaar

Sitst no op de hafû of it twû en bist oan it sjen nei in ferfolchoplieding? Lear foar learaar! Ast bern graach wat leare wolst, kinst dy ynskriuwe op de pabû. Mar wolst leaver les jaan op it fuortset ûnderwiis en hat Frysk in spesjaal plakje yn dyn hert? Wurd dan dosint Frysk!

Untdek mear

Jou mear, jou Frysk

Ast de pabû folgest of dêr yn de ôfrûne fiif jier ôfstudearre bist, kinst in foech Frysk foar it basisûnderwiis helje. Dêrmei kinst Frysk jaan yn it primêr ûnderwiis. Ast noch studearrest, kinst in semester Frysk folgje. Ast al ôfstudearre bist, kinst dy oanmelde foar de dieltiid oplieding Leraar Fries. Dy duorret twa oant trije jier.

Untdek mear

Dyn taal,
dyn fak

Ast les joust op it fuortset ûnderwiis en méár wolst, kinst de oplieding ta Frysk taaldosint folgje. Dat is in dieltiid oplieding fan twa jier. Dêrnei meist Fryske les jaan op it fuortset ûnderwiis of mbû. De oplieding is in ferdjipping op dyn fakkennis, ek ast dyn foech earder al helle hast.

Untdek mear

Noch net wis oftst Frysk jaan wolst? Freegje in oriïntaasjepetear oan

Ik wol prate!